• Home
    • Facebook
    • Gastenboek.
  • 2019
  • DVD
  • Productie
    • Creatives
    • Deelnemers
    • Vrijwilligers
    • Locatie en route
  • Sponsoren
  • Foto
    • Video
    • Voorstelling | 03 juni
    • Repetitie | 7 mei
    • Omrop Fryslan | 6 mei
    • Repetitie | 21 april
    • Foto's Crossers | 9 april
    • Drive-in-bios | 08 april
    • Repetitie | 31 maart
    • Repetitie | 03 maart
    • Repetitie | 28 januari
    • Repetitie | 21 januari
    • Audities | 5 november
  • Contact
    • Pers
    • Contact.
    • Facebook
    • Intern
  • Archief
  Iepenloft Tynje iepenloftspul Tijnje

Creatives.


Atsje Lettinga.

Foto
Regie
IEPENLOFT TYNJE 2016
Mei grutte letters stie dit al yn myn aginda!
Dat ik der oan mei dwaan soe, dat wist ik al lang, mar tegearre mei Rieneke de Haan regy en tegearre mei Sander Stienstra muzyk, dat is super en mei in oare ynstek as dat ik ferwachte.
De Tynje hat foar my it begjin west fan myn ûntdekkingstocht fan hoe moai learsum en útdaagjend teater/toaniel/iepenloft wêze kin, sjoen fanút it spyljen, de organisaasje en de muzyk.
De ôfrûne jierren ha ik hiel wat by d'ein hân en altyd wer mei in protte wille en kreative ynsichten. It fielt hearlik om diel út te meitsjen fan in ploech minsken dy't har mei elkoar ynsette om it bêste út harren sels te heljen en... helje te litten. Elts op syn/har eigen wize en kinnen.
Oft it no giet om de spilers of de oanklaaiïng elts wurdt oansprutsen om der mei syn allen in prachtich stik fan te meitsjen.
Spetters is in stik dat falt of stiet mei in perfekte timing en natuerlik spyljen. It is lokaasjeteater mei in protte beweging.
Wy binne no al in skoftsje oan it repetearjen en ha in geweldige ploech. De gearwurking mei Rieneke giet suver fansels en leveret alinne mar mear enerzjy en ideeën op. Foar ús jildt: 1+1=3.
Graach oant sjen by ien fan de foarstellings fan Spetters.

Rieneke de Haan.

Foto
Regie
Efen een stikje oer mysels fertelle freeget Hans….altiid moeilijk om een begjin te finen…
 
Ik bin Rieneke de Haan en fanôf 1998  freelance theater en film regisseur. Troch de jierren hinne prachtige stikken en prachtige spylers troch de hânnen hân! Mar hoe faak en hoefolle produksjes ik ek dyn ha, it is eltse kear wer een nij en spannend proces. Iepenloftspullen bin intensief fanwege it grutte  oantal spylers en it spylflak. Dit jier regisseer ik tegearre mei Atsje Lettinga  “Spetters” foar it Iepenloft fan Tijnje. ‘Twa kapiteins op ien skip’ kin dat?  wurd my faak freege….
Ja, dat kin hiel goed salang der goeie ôfspraken makke wurde en op ien lijn stean (krekt as by de opvoeding fan bern ;) Atsje en ik gean foar it collectief en it eind resultaat, hoe we dêr komme makket ûs neat ût salang we mei elkoar wille ha en elkoar fersterke yn it creatieve proces. Ego’s kinne we net, ha we net en stiet ûs dus ek net yn’e wei!  
Werom we foar “spetters” keazen ha? De film is ús altiid by bliuwen, een stikje jeugdsentiment wer’t  de taboes oan de kaak stelt waarden, oer freonskippen, leafde en wrakselingen, krekt as it libben sels!  
Ik hoop dat we jim straks yn maaie ferrasse sille mei een Spetterende foarstelling!

Bouke Oldenhof.

Foto
Schrijver
FAN FILM NEI TOANIELSTIK
Doe’t ik foar it earst fan de plannen hearde om wat Spetters op De Tynje te dwaan, ha ik dat foar kundskip oannommen. Ik hie de film doedestiids noait sjoen. En ik hie gjin tiid om it te bewurkjen want ik siet oant nei de simmerfakânsje 2016 wol fol mei skriuwopdrachten. Wol spitich oars, want ik hie graach in kear meiwurke oan it iepenloftspul.
Mar doe foel der in opdracht út, en hie ik ynienen wol tiid. Ik ha my fuort melden. Ik ha wurdearring foar it wurk fan de kommisje, ik ha fertrouwen yn Atsje Lettinga en Rieneke de Haan. Dus it moast mar wêze. Earlik sein: ik hie de film noch altyd net sjoen. En ik woe him earst ek net sjen want der wie oar wurk dat earst moast, ûnder oaren it stik Troch de buorren foar De Bazuin.
 
No sit ik midden yn Spetters. Alle dagen wer in stikje oan de tekst foar it iepenloftspul derby. Ik wol net al te ticht by de film bliuwe. Want film hat koarte sênes, en dy wurkje op toaniel te net. Foardat de taskôger by it personaazje is, is de sêne al wer ôfrûn. De montaazje fan de iene koarte sêne nei de oare is freegjen om problemen. En al dat bleat en dy frijeraasje? Ik bin dêr net sa fan. Want kinst wol sizze dat bepaalde personaazjes yn de bleate kont stean, mar dy bleate kont sjocht der wol fertocht folle út as de bleate kont fan de spiler. Alle ferbylding en suggestje fuort.
 
Dus no wrakselje ik mei alderhanne fragen:
  • Hokker gegevens en hokker sênes út de film moatte der seker yn?
  • Hoe makkest moters en brommers effektyf op toaniel? Kinst se ommers net krekt as yn de film mei in kamera folgje.
  • Hoe soargje ik derfoar dat it ferhaal mei syn ôfsetten tsjin tsjerke en seksuele moraal net as ferâldere sjoen wurdt?
  • Hoe krij ik der op in subtile wize in hiel protte fan de seks fan de film Spetters yn sûnder dat it te flau of te bleat wurdt?
  • Hoe soargje ik derfoar dat der net allinne jongesrollen binne, mar ek likefolle of leaver noch mear famkesrollen?
  • Hoe soargje ik derfoar dat der net allinne jonge spilers en spylsters meidwaan kinne, mar ek âldere?
  • Wat foar Tynster ferieningen en eleminten soene der ynsetten wurde kinne om de foarstelling in feest foar jong en âld te meitsjen?
  • Kinne wy noch wat mei de gegevens fan de lokaasje dwaan?
  • Hoe krij ik in helderder ferhaal as yn de film? Want dêr mist wol wat in sinraal ferhaal en in sintraal konflikt. 
Wat it wurdt? Ik hâld it noch even lekker foar my. In briedende ein moatte jo net steure …

Hilda Feenstra.

Foto
Regie assistente &| souffleusse
Rezjy- assistinte wêze, wat betsjut dat eins?
​ Wat docht dizze persoan

In koarte omskriuwing fan de rezjy-assistinte:
•foarmet de skeakel tusken regisseurs en de spilers
•hat de funksje fan ynstekker (krekt dát wurd sizze, dat de spiler nedich hat om wer fierder te kinnen, mocht hy syn tekst efkes kwyt wêze)
•soarget der foar dat nimmen wat ferjit oan attribúten en eltsenien goed foar it fuotljocht komt wat de klean oanbelanget (it kraachje, boesgroentsje of jaske noch efkes rjucht lûke krekt foardat de spiler op moat)
•jout de spilers wissichheid, treast en it oppepperke as in spiler dat efkes nedich hat.  

Koartsein: De rezjy-assistinte is rûnom yn aksje.

Sander Stienstra.

Foto
Muzikale arrangementen
Fan it legendaryske Jesus Christ Superstar nei de rûge Piratewiven op see, troch nei de motorkrossbaan yn Spetters. Wer hiel wat oars en dat is no krekt sa moai! Seker sjoen fanút de muzyk. Hearlik om mei de muzyk wer oan 'e slach te gean mei in ploech entûsjaste minsken.
 
Fijn en fertroud is de kombinaasje mei Rieneke en Atsje. Neist de Tynster iepenloftspullen ha wy mei dit tiim al earder in tal prachtige produksjes makke, lykas:
• De nijjiersrevue fan de Jouwer (2X)
• Bloedbân (Iepenloftspul Burgum)
• Iensum yn Ierlân  (Krite Makkum)
​
 De muzyk perfekt oanslute/stypje te litten, de spilers dêrtroch Spetterje te litten, dat is myn doel!
Powered by Create your own unique website with customizable templates.